Famke oanriden yn Burchwert

26 mrt 2010 - 10:23

In famke fan 16 jier út Lollum is tongersdei ferwûne rekke by in ûngelok yn Burchwert. It famke stuts ynienen de dyk oer. In automobiliste út Wytmarsum koe har net ûntwike en botste tsjin it famke op.

It famke hie ferskate ferwûnings en moast mei de ambulânse nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)