Wethâldersposten T'diel rûn

26 mrt 2010 - 10:20

De gemeente Tytsjerksteradiel hat de wethâldersposten fan it nije kolleezje rûn. It CDA giet fierder mei Doeke Fokkema, dy't al acht jier wethâlder west hat. De PvdA skoot Houkje Rypstra wer nei foaren. Sy hat der ek al in termyn as wethâlder opsitten.

De tredde partij yn it kolleezje, de FNP, levert Geerling Schippers as wethâlder. Hy siet fan 2002-2006 foar it CDA yn de gemeenteried fan Tytsjerksteradiel.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)