Fertochte brânstichting oppakt

26 mrt 2010 - 10:10

De plysje hat in 50-jierrige man út Drachten oanholden foar brânstichting. Dy brân wie moandei ûntstien yn in wenning oan de Kievitstraat yn Drachten. De fertochte is de bestjoerder fan de auto dy't de trochgong fan de brânwachtauto blokkearre en sa it bluswurk besocht te hinderjen.

De Drachtster wurdt freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris. De plysje is op syk nei tsjûgen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)