Brinkman: projekten trochsette

25 mrt 2010 - 22:32

It skrassen fan de hypoteekrinteôftrek op keapwenningen soe in nije tsjinfaller betsjutte foar de Fryske bousektor. Dat sei foarsitter Elco Brinkman fan Bouwend Nederland by de jierfergadering fan de ôfdieling Fryslân yn Ljouwert. It binne neffens Brinkman swiere tiden foar de boubedriuwen, benammen dy yn Fryslân.

Neffens Brinkman moatte de provinsje en gemeenten harren ferantwurdlikens nimme en bouprojekten trochsette.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)