Wynmûnepark tichterby

It grutte wynmûnepark dat by de Noardeastpolder yn de Iselmar komme moat is in stapke tichterby kaam. De kommisje foar de miljeu-effektrapportaazje hat in posityf oardiel jûn oer de 93 mûnen.
De gemeente Urk is lilk op de kommisje omdat dy net mei Urk praat hat. De gemeente is op de wynmûnen tsjin. In part derfan komt op grûn fan de gemeente Lemsterlân. Ek Lemsterlân hat leaver net dat de wynmûnen der komme.