Wâldrock mooglik dochs fierder
Wâldrock giet mooglik dochs fierder mei it festival yn 2011. Dat sei Kees Koudstaal fan Wâldrock by it yn ûntfangst nimmen fan 'e kultuerpriis fan Tytsjerksteradiel. It nije Wâldrock soe lytsskaliger wurde moatte, mei minder grutte bands.
Earder dit jier makke Wâldrock bekend dat it festival ophâlde soe. De organisaasje hopet mei de kultuerpriis in bettere yngong te krijen by oerheden en bedriuwslibben.
Trefwurden:
argyf