Saak-Burgum: langer foararrest

De man dy't fêstsit yn ferbân mei de dea fan syn freondinne Femmy de Leeuw út Burgum moat twa wike langer yn foarrarrest bliuwe. Dat hat de rjochter-kommissaris bepaald. Der is mear ûndersyk nedich nei de dea fan 'e frou.
Ferline wike waard de frou dea fûn yn 'e hûs. De helptsjinsten waarden belle dat de frou net goed wurden wie. Omdat sawol it slachtoffer as de fertochte ferwûnings oan 'e holle hiene, is de man oppakt.