Monumint foar Anita Andriesen

Foto: Omrop Fryslân
De ferstoarne politika Anita Andriesen krijt in monumint by Swarte Haan. It keunstwurk wurdt makke troch Gunnar Daan. It bestiet út twa rostfrijstielen banken dy't elk oan 'e kant fan 'e seedyk delset wurde. De iene sjocht út oer it Bilt en de oare oer it Waad.
Andriesen wie jierrenlang deputearre foar de PvdA. Se ferstoar yn desimber 2008 oan 'e gefolgen fan kanker. Fan 't simmer moat it monumint pleatst wurde.