Ekstra wethâlder Dantumadiel

25 mrt 2010 - 13:26

Dantumadiel krijt der sa goed as wis in wethâlder by. CDA, Dantumadiel 82 en de PvdA foarmje mei elkoar it nije kolleezje fan boargemaster en wethâlders. De lêste jierren hie Dantumadiel twa wethâlders en in minderheidskolleezje fan CDA en PvdA.

De trije wethâlderskandidaten binne Roelof Bos fan Feanwâlden foar it CDA, Marianne Hofs fan Broeksterwâld foar Dantumadiel 82 en Siepie Hylkema fan Broeksterwâld foar de PvdA. Dy wie yn it foarige kolleezje ek wethâlder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)