Doarpswacht tsjin oerlêst

© Omrop Fryslân
Yn Haulerwyk moat in doarpswacht komme om oerlêst fan jeugd te ferminderjen. Doarpsbelang praat dêr freed oer mei de plysje.
In groep jongerein soarget al hast in jier foar oerlêst yn it doarp. Ruten binne sneuvele en de jongeren binne it swimbad útstjoerd. Se hingje ek om by fersoargingstehûs Sinnehiem. Alderen fiele harren dêrtroch ûnfeilich. De dieders binne sawat 14 en 15 jier. Mei de âlden is al praat, mar dat hat neat úthelle.