Skoalbern Liudger meitsje film
Learlingen fan skoallemienskip Liudger yn Drachten hawwe dizze wike besite fan Poalske en Bulgaarske bern. Yn it ramt fan in partnerskoalleprojekt binne se dwaande mei in film oer de kulturele ferskillen tusken de trije lannen. De film hat as titel '3 countries, 3 stories'.
It idee hawwe de learlingen mei inoar yn Poalen betocht en it skript hawwe se skreaun yn Bulgarije. De film waard tongersdeitemoarn opnaam yn Drachten. Tiisdei hawwe se te fierljeppen west.
Trefwurden:
argyf