FNP: 'Skras plannen Poortje'

25 mrt 2010 - 09:49

De FNP yn 'e ried fan Hearrenfean wol dat de nije gemeenteried moandei beslút de komst fan jeugdfinzenis it Poortje nei it Hearrenfean tsjin te hâlden. Der wiene plannen om in festiging fan it Poortje te bouwen yn Hearrenfean-Noard, mar tsjin dy plannen wiene in soad beswieren.

Neffens de FNP is der op dit stuit boppedat sprake fan in oerskot oan jeugdfinzenissen. Mei om dy reden binne de plannen earder al op de lange baan skood.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)