Fiskfreonlik gemaal Earnewâld

24 mrt 2010 - 22:38

Wetterskip Fryslân set by it Offerhausgemaal by Earnewâld in saneamd fish-track-systeem del. Fisken kinne tenei net mear yn kontakt komme mei de pompen fan it gemaal. Dat wurdt dien mei in roaster. Mei help fan in kleppesysteem kin fisk feilich troch it gemaal hinne komme.

It is de earste kear dat sa'n systeem yn Nederlân by in gemaal komt te stean. It Offerhausgemaal by Earnewâld wurdt op dit stuit opknapt. De renovaasje moat ein 2010 klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)