Wolvegea wiis mei stikelbaarch

24 mrt 2010 - 20:52

Stikelbargen kinne tenei feiliger oerstekke by it Suderpark yn Wolvegea. Op inisjatyf fan de 10-jierrige Reawyn binne dêr twa ferkearsbuorden pleatst dy't it ferkear warskôgje foar oerstekkende stikelbargen.

Woansdeitemiddei hat Reawyn tegearre mei boargemaster Van Klaveren de buorden ûntbleate. Reawyn is mar wat bliid dat de gemeente har idee oernommen hat en hopet dat it helpe sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)