Tineke Huizinga net op de list

24 mrt 2010 - 19:33

Tineke Huizinga fan It Hearrenfean komt net op de kandidatelist fan de ChristenUnie foar de Twadde Keamer-ferkiezings fan 9 juny. De demisjonêre minister fan VROM hat dat juster bekend makke. Tineke Huizinga hat no fiif jier Keamerlid west en trije jier yn it kabinet sitten.

Oant de fal fan it kabinet wie se steatssekretaris fan Ferkear en Wettersteat. Se komt dus net werom yn de keamer, mar is wol beskikber foar in eventuele post yn it nije kabinet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)