Goud foar Epke Zonderland
Turner Epke Zonderland fan It Hearrenfean hat yn Doha de wrâldbekerwedstriid op it ûnderdiel rek wûn. Dit wie foar Fryske topturner de achtste wrâldbekerwunst op dit ûnderdiel. Hy pakte de winst mei in skoare fan 15,950 punten.
Hy waard ek noch fjirde op de brêge mei in puntetotaal fan 15.100.