Minderheidskolleezje yn Harns?

De gemeente Harns kin gjin riedsmearderheid foarmje
It is noch lang net wis hokker partijen it nije kolleezje fan boargemaster en wethâlders yn Harns foarmje sille. Formateur Streefkerk stelt in minderheidskolleezje foar mei PvdA, CDA, VVD en ChristenUnie. Se hawwe meielkoar 8 fan de 17 sitten yn de nije gemeenteried.
De PvdA is teloarsteld oer de útkomst fan de formaasje. It wachtet no op de nije partij Frisse Wind Harlingen. Sy binne mei oare partijen yn petear oer in kolleezje mei njoggen sitten.