Gytsjerkster ûntkent oanriding

De man dy't sneintejûn oanhâlden is omdat er yn Gytsjerk ynriden wie op twa fuotbaljende jonkjes, ûntkend alle beskuldigingen. De man fan 50 út Gytsjerk waard oanhâlden op fertinking fan in besykjen ta deaslach. Undersyk wiist út dat der gjin ûnôfhinlike tsjûgen binne fan it foarfal. Allinne de jonges en har âlders wiene der by.
De Gytsjerker seit der er wol yn de strjitte riden hat, mar beslist net op bern ynriden is. De plysje draacht de saak oer oan justysje.