Te folle klachten oer plysje

24 mrt 2010 - 13:49

It tal klachten oer de Fryske plysje dat terjochte is, wie yn 2009 hast twa kear heger as de eigen doelstelling fan de plysje. Neffens de jierraportaazje fan de plysje mei it tal klachten net heger wêze as 32 en dat wiene der ferline jier mar leafst 63.

It totaal tal klachten, dus terjochte en net terjochte, wie ek folle heger as de doelstelling. Hoe't dat kin dat wurdt op it stuit troch de plysje útsocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)