Boek oer Olympyske helden
Yn it reedrydmuseum yn Hylpen is woansdei in boek presintearre oer Olympyske helden. De offisjele titel is: Olympische Spelen, hardrijden 1894 tot en met 2010. It boek is skreaun troch Johannes Lolkama.
It earste eksimplaar waard woansdei oan âld-rider, âld-trainer en sjef de mission fan de ôfrûne Winterspelen Henk Gemser útrikt troch syn âld-pupil Ids Postma. By it twadde eksimplaar gie it oarsom. Dat krige Ids Postma fan Henk Gemser.
Trefwurden:
argyf