Roeken ferjeie mei deksels

24 mrt 2010 - 11:48

Tytsjerksteradiel wol graach dat de bewenners fan Swarteweisein de roeken út de beammen jeie troch mei pannen en deksels leven te meitsjen. De problemen binne sa grut dat de gemeente jagers ynhiert dy't moarns betiid besykje om de roeken mei hurde knallen op de wjukken te bringen.

Der wienen al problemen mei de roeken by Heemstrastate yn Oentsjerk. Se binne dêr ek ferjage, mar it liket derop dat de fûgels by Swarteweisein opnij foar swierrichheden soargje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)