Twa famkes ûnder auto

Twa famkes fan 13 út Nyegea binne tiisdei ûnder de auto kaam op de Noorderdwarsvaart yn Drachten. Se fytsten achter in buske en stutsen foar de krusing mei de Houtlaan de dyk oer. Se kamen yn botsing mei de auto fan in 44-jierrige automobilist.
Ien fan beide famkes rekke ferwûne oan har gesicht en moast nei it sikehûs. Fan it oare famke wie allinne de fyts stikken. De plysje is op syk nei tsjûgen en wol graach yn kontakt komme mei de bestjoerder fan it buske.