Fúzje feefoerbedriuwen útsteld

It beslút oer in fúzje tusken Agrifirm en Cehave Landbouwbelang kin pas letter nommen wurde. De twa feefoer- en keunstdongbedriuwen wiene fan doel op 31 maart in beslút te nimmen, mar omdat de Nederlandse Mededingings-autoriteit noch fierder ûndersyk dwaan wol wurdt dat beslút útsteld.
De Mededingingsautoriteit wol ûnder oaren besjen oft der nei de fúzje noch genôch konkurrinsje oerbliuwt tusken keunstmestbedriuwen, benammen yn Noard-Nederlân.