Frou betrapet ynbrekker

24 mrt 2010 - 10:06

In 58-jierrige frou út Minnertsgea hat moandeitemiddei in ynbrekker yn har wenning op 'e die betrape. Doe't se thúskaam seach se dat it rút fan de achterdoar stikkenslein wie en dat der ark op 'e trep lei.

Troch in iepensteande doar seach se in man yn har garaazje, dy 't har goeie sei en mei in tas mei guod útnaaide op 'e fyts. De plysje koe him even letter oanhâlde. It wie in 54-jierrige doarpsgenoat. Hy hie in laptop en in beurs stellen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)