Opluchting oer útspraak Awa

24 mrt 2010 - 10:00

"Wij zijn opgelucht dat de rechter ons in het gelijk heeft gesteld en we onze rust terugkrijgen". Dat wie woansdei de reaksje fan de mem fan de jonge frou dy't yn 2004 troch TBS-er en rapper Awa yn de brân stutsen is. Se hie tegearre mei de Steat easke dat rapper Awa gjin nije single útbringe mei.

De rjochter oardiele dat it belang fan it slachtoffer om mei rêst litten te wurden swierder weaget as de frijheid fan mieningsuting fan Awa.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)