Camminghastins krijt jild

Multyfunksjoneel sintrum Camminghastins yn Ljouwert hat 20 tûzen euro krigen fan it Oranje Fûns. It sintrum jout ûnder oare ûnderdak oan in wyksintrum, in dei-opfang foar âlderein en in sosjaal restaurant foar bewenners en omwenners.
It sintrum is goed twa moanne lyn iepene en is no al in grut sukses. Mei dêrtroch hat it Oranje Fûns besletten dit bedrach te jaan. It jild sil ûnder oare bestege wurde oan in beamer en de ynrjochting fan in gearkomstekeamer.