Koart pleit tsjin Earedivyzje

13 regionale omroppen spanne in koart pleit oan tsjin de Eredivisie om bylden te krijen fan fuotbalwedstriden.
De Earedivyzje jout de bylden no 72 oeren nei de wedstryd frij, mar neffens de regionale omroppen stiet yn de mediawet dat omroppen fuortendaliks fragminten opfreegje meie fan wichtige nijsfeiten. Dit bart op basis fan de 'vrije nieuwsgaring'. De regionalen beskôgje it fuotbal as potinsjeel belangryk nijs.