Tafeltje Dekje yn gefaar

Tafeltje Dekje yn Ljouwert rint gefaar as der net mear frijwilligers komme. Sûnt 1962 fersoagje minsken fan it UVV foar dy orginaasje it iten foar minsken dy't it sels net mear klear-meitsje kinne. De ôfrûne tiid waarden lykwols meardere klanten teloarsteld, omdat der net genôch minsken wiene om it iten te besoargjen.
Yn it begjin wie dizze orginaasje wurksum yn hiel Ljouwert, mar no wurdt allinnich it iten noch mar besoarge yn de wiken Nijlân, Huzum en Aldlân.