Boetes foar aaisikers

Ek seis rôffûgels deamakke
Tsien aaisikers ha oant no ta in print krigen fan 'e plysje. Yn seis gefallen gie it om minsken dy't te betiid yn guozzegedoochgebieten sochten. Fjouwer minsken hiene gjin neisoarchpas. Neffens Sybren van der Heide fan it regionaal miljeuteam by de plysje wiist dat derop dat der noch in soad aaisikers net neffens de regels sykje.
De plysje stekt mar in bytsje oeren yn de kontrôle fan it aaisykjen en de pakkâns is lyts. As der mear kontrôle wie, soe dat folle mear boetes opsmite.