Rapport oer salpetersoerramp

23 mrt 2010 - 10:20

Op it gemeentehûs yn Menaam wurdt tiisdei it ûndersyk nei it ûngelok mei salpetersoer yn Dronyp presintearre. Op 6 novimber ferline jier ûntsnapte in wolk salpetersoer út in frachtwein. De ynwenners fan Dronryp en de omlizzende doarpen waarden mei sirenes op 'e hichte brocht. Troch in flater gie it alarm yn hiel Fryslân ôf.

De yngeande evaluaasje moat oan it ljocht bringe oft de ynwenners fan Dronryp op 'e tiid warskôge binne foar de ûntsnapping fan de giftige wolk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)