Tsjûgen autofernielers socht

23 mrt 2010 - 10:09

De plysje siket tsjûgen fan fernielings oan auto's yn de Bijenhofstrjitte yn Ljouwert. Sneontejûn krige de plysje de melding dat in pear jongeren troch de strjitte rûnen dy't spegels fan auto's skopten.

De plysje wie der gau by en koe trije jongeren efterhelje. Der is lykwols te min bewiis tsjin dy jongeren. De plysje hopet no mear te hearren fan minsken dy't wat sjoen hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)