FNP tsjin twadde-hûs-plannen

De FNP yn Wymbritseradiel makket him soargen oer it plan fan it kabinet om it besit fan in twadde hûs oantrekliker te meitsjen. Neffens it kabinet is dat in goed middel om de leefberheid op it plattelân te ferbetterjen.
De FNP yn Wymbrits is it mei dy opfetting perfoarst net iens, omdat twadde huzen in grut part fan it jier leech steane. Dêrtroch skeine se de leefberheid krekt.