Pietersma tredde yn Cape Epic
Mountainbiker Jelmer Pietersma fan Balk stiet mei ploechmaat Bart Brentjes op it tredde plak yn de Cape Epic yn Súd-Afrika. Dat is in meardeiske wedstryd, dêr't de dielnimmers yn pearen oan meidogge.
Yn de earste etappe op snein waard it duo Pietersma - Brentjes sânde. Moandei wûnen de manlju de twadde etappe. Dêrtroch steane Pietersma - Brentjes yn it tuskenklassemint op it tredde plak.
Trefwurden:
argyf