Jongeresintrum yn diskoteek

Op It Hearrenfean is it jongeresintrum tenei ûnderbrocht yn diskoteek Gossip. Wolwêzensynstelling Caleidoscoop hopet sa better tagong te krijen ta de jongerein. It liket no al oan te slaan, sa seit Caleidoscoop direkteur Paul Vlootman.
Al foar de offisjele iepening kamen der alle wiken sa'n 500 jongeren nei it jongeresintrum. Se kinne der spultsjes dwaan, in bytsje omhingje en as se dat wolle prate mei in jongerewurker.