Kramer en Wüst de bêsten
De reedriders Sven Kramer en Ireen Wüst binne moandeitejûn op it reedridersgala útroppen ta reedriders fan it jier. Se krigen De Ard Schenk Award. Kramer waard Olympysk kampioen op de 5 km en wie de bêste op it EK en WK. Wüst helle goud op de 1500 meter yn Vancouver en wie 2e op it EK en 3e op it WK.
De bêste maratonreedrider fan it jier waard Jorrit Bergsma fan Aldeboarn. Sjinkie Knegt út Bantegea krige in ûnderskieding by de shorttrackers.