Provinsje jout Kramer fakânsje

22 mrt 2010 - 20:04

De provinsje Fryslân jout reedrider Sven Kramer in reissjek fan 2500 euro foar syn sportprestaasjes fan dit seizoen. Kramer makke neffens de provinsje dúdlik dat hy nei syn wrâldtitel fan snein ta is oan rêst.

Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma lit witte dat Kramer in Fries is dêr't alle Friezen grutsk op wêze kinne. Sven Kramer is mei in brief op de hichte steld fan de reissjek. Hy mei de bestimming sels kieze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)