Nije fisy lânskip B'sweach
Der wurdt in nije fisy ûntwikkele foar it lânskip om Beetstersweach hinne. Lângoedeigners kinne dy fisy dan wer brûke by it opknappen fan de tún of de gebouwen. De provinsje stelt dêrfoar subsydzje beskikber.
It is in projekt fan de boskgroep noardeast Nederlân. Dy bestiet út de eigners fan bûtenpleatsen, bosk en natoergebieten.