SjONG-foarrondes los by Omrop

De studio's fan Omrop Fryslân tv binne de kommende dagen fol jonge sjongers en sjongeressen. Foar it fyfde jier op rige wurde hjir de foarrondes fan it jongerein-sjongfestival SjONG hâlden.
42 Talinten út hiele Fryslân stride mei-inoar om de earste priis. It is it doel dat de bern in nije Fryske tekst skriuwe op in bekende wize. Dat kin bygelyks in ferske út de Top 40 wêze. Guon ha al aardich wat ûnderfining mei it sjongen foar publyk, oaren binne noch wol wat senuweftich.