In promovendus fan 84 jier

22 mrt 2010 - 15:14

84 jier en dan noch promovearje is in bysûnderheid. Mar Fries-om-utens Jan Posthumus bliuwt der gewoan ûnder. Hy promovearre oan de Vrije Universiteit yn Amsterdam op it ûndersyk nei de ûntwikkeling fan Nederlânske wurdboeken sûnt de 19de ieu.

Sûnt 1992 skriuwt Jan Posthumus al artikels oer de histoarje fan wurdboeken. En dat foel minsken yn syn omjouwing op. Doe kaam de fraach of Posthumus op dit ûnderwerp miskyn net promovearje woe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)