KLPD siket nei frou Aldegea

Der sil kommende wike dochs wer socht wurde nei de fermiste frou út Aldegea Wymbrits. Snein hat de plysje mei dûkers en hûnen oeren om de frou socht, mar sûnder resultaat. De KLPD, it korps Landelijke Politie Diensten, sil dizze wike de syktocht oernimme.
De frou (44) wie ferline wike fermist en woansdeis slim ûnderkuolle weromfûn by rekreaasjeterrein De Potten yn Snits. Freed waard se ûntslein út it sikehûs, mar sneon wie de frou op 'e nij fermist.