Earste aai Ljouwerteradiel
Aizo Elgersma fan Stiens hat sneontemoarn it earste ljipaai fan 'e gemeente Ljouwerteradiel fûn. Elgersma fûn it aai by Tichelwurk. Hy is yn dat gebiet ek ferantwurdlik foar de neisoarch.
It is foar Elgersma de achtste kear dat hy it earste ljipaai fan de gemeente fûn hat. It aai is moandeitemoarn oanbean oan loko-boargemaster Froukje Haites-Miedema.