Man oppakt nei falske melding

22 mrt 2010 - 09:35

In 22-jierrige man út Wolvegea is oanhâlden neidat hy in falske melding dien hie by alaarmnûmer 112. De man belle mei de melding dat der yn in wenning oan de Erica in himpkwekerij sitte soe en dat der immen delstutsen wie.

Doe't de plysje de saak ûndersocht, die lykwols bliken dat de melding falsk wie. Fia syn 06-nûmer waard de beller trasearre. Hy is yn wenning oanhâlden. De man sit noch fêst foar ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)