Gytsjerk: man rydt yn op bern

22 mrt 2010 - 09:22

De plysje hat sneintejûn in 50-jierrige automobilist fan Gytsjerk oanhâlden foar in poging ta deaslach. De man wie op de Simke Kloostermanwei mei syn auto ynriden op twa fuotbaljende bern.

Omstanners dy't tsjûge wiene, bellen de plysje. Dy koe de man efkes letter yn syn wenning oanhâlde. De man is meinaam nei it buro. Wêrom de man krekt op de bern ynriden is, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)