Duo fynt earste ljipaai Harns

22 mrt 2010 - 07:20

It earste ljipaai yn de gemeente Harns is sneon fûn troch Henk Bakker fan Winaam en Douwe de Lang fan Frjentsjer.

Se fûnen it aai moarns yn in stik lân tusken Winaam en Seisbierrum. It aai wurdt moandei oanbean oan boargemaster Paul Scheffer. Ferline jier fûn Henk Bakker it earste ljipaai ek al.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)