Syktocht nei frou om 'e nocht

De syktocht nei in 44-jierrige fermiste frou út Aldegea Wymbrits is sneintemiddei foarearst stillein. De plysje hat de hiele dei mei boaten en in helikopter sûnder resultaat nei de frou omsjoen. Earder hie de plysje ek al in speurhûn en dûkers ynset om de frou werom te finen.
De frou wie freed út it sikehûs ûntslein. Dêr wie se opnommen neidat se ôfrûne woansdei slim ûnderkuolle werom fûn waard by rekreaasjeterrein De Potten yn Snits.