Broedsje ljipaaien by Goutum

21 mrt 2010 - 17:57

De 23-jierrige Terry van der Eng út Goutum hat oan de ein fan de sneintemiddei in broedsje ljipaaien fûn. Hy die syn fynst yn in stik lân efter it bensinestasjon oan de rykswei flak bûten it doarp.

Van der Eng is in betûft aaisiker en neisoarger. Yn 2006 fûn er alris it earste ljipaai fan de Fûgelwacht Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)