Kreakers oanhâlden yn Ljouwert

21 mrt 2010 - 15:28

De plysje hat sneontenacht njoggen kreakers oppakt yn in gebou oan de Grutte Tsjerkstrjittet yn Ljouwert.

Plysjes krigen de melding dat in groep minsken mei in brekizer de doar fan it pân iepen brutsen hie. De plysje belle mei de eigner, nei't dúdlik wurden wie dat it om in kreakaksje gie. Neffens de behearder waard it pân brûkt foar de opslach fan stuollen. Nei oerlis mei de offisier fan justysje waarden de njoggen fertochten oanholden foar fernieling en iepentlike geweldpleging.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)