Lyk spul Snits Wyt Swart

21 mrt 2010 - 13:30

Sneinshaadklasser Snits Wyt Swart hat sneontejûn yn Grins mei 1-1 lyk spile tsjin Be Quick 1887. Yn de earste helte kamen de Snitsers troch in frije traap op in 1-0 efterstân. Yn de twadde helte wie it Wybren Visser dy't de 1-1 op it skoareboerd sette.

De Snitsers krigen noch wol kânsen mar der waard net mear skoard. Snits Wyt Swart hat no 19 punten út 18 wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)