Nij jeugdsintrum H'fean iepene

21 mrt 2010 - 11:27

It nije jongereinsintrum fan it Hearrenfean is sneontejûn offisjeel iepene. De jongerein fan it Hearrenfean moast it de ôfrûne fjouwer jier sûnder eigen ûnderkommen dwaan neidat Sfinks ticht gong wie. Dit sintrum waard ein ferline jier sloopt.

De jeugd hat no wer in eigen plak yn it gebou fan diskoteek Gossip oan de Kerkstraat. De ôfrûne wiken is der proefdraaid mei it nije sintrum. Doe kamen der al sa'n fiifhûndert jongeren yn 'e wike.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)