Ferlies Hark. Boys yn Polder

21 mrt 2010 - 00:42

Harkemase Boys hat sneonetjûn de topper tsjin Flevo Boys mei 2-1 ferlern. Yn Emmeloard setten de Boys goed útein. René van der Weij soarge yn de 6e minút foar de Harkemaster foarsprong. De thúsklup fan trainer Willem Brouwer waard sterker en troch doelpunten fan Yassine Assa en Arjen Spaan wie it 2-1 by it skoft.

Yn de twadde helte koe Harkemase Boys it earste ferlies nei de winterstop net mear foarkomme. De 1500 taskôgers seagen lykwols ek gjin goals mear.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)